Earst gjin aksje tsjin Frisia

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel komt foarearst net yn aksje tsjin Frisia Sâlt. Dat bedriuw hat in dyk oanlein nei de boartoer by Tsjummearum. De rjochter hat koartlyn de fergunning foar de dyk ynlutsen.
Dêrmei leit de dyk der no yllegaal. De gemeente wachtet earst in útspraak fan de beswierskriftekommisje ôf, foar't der aksje ûndernaam wurdt. Dy útspraak lit noch in wike as fjouwer op him wachtsje.