Fersmoarge grûn by Fliet

31 mrt 2004 - 00:00

It terrein de Kop fan it Fliet yn Ljouwert is bot fersmoarge mei asbest, oalje en swiere metalen. De fersmoarging kaam oan it ljocht nei ûndersyk. Der is gjin gefaar foar bewenners tichtby it terrein.

De gemeente hat de bewenners oan de Loréstrjitte al op de hichte steld. Yn de buert is in nijsbrief ferspraat. Meikoarten folget noch in byienkomst dêr't bewenners fragen stelle kinne oer de fersmoarging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)