Risikokaart bliuwt op ynternet

© Omrop Fryslân
De provinsje lit de risikokaart op ynternet stean. De kaart soe terroristen mooglik yn de kaart spylje kinne. Op de risikokaart stiet bygelyks oanjûn wêr't gasdepots en gemyske fabriken binne. De kaarten binne makke nei oanlieding fan de fjoerwurkramp yn Enschede.
De VVD yn de Twadde Keamer is bang dat de ynformaasje misbrûkt wurdt. Nijpels fynt dat net. Neffens him slane terroristen net yn Fryslân har slach.