Wrâldbekersirkwy maratonriden

© Omrop Fryslân
Reedridersbûn KNSB is dwaande mei it opsetten fan in wrâldbekersirkwy foar it maraton-reedriden. Yn gearwurking mei de organisaasje fan trije grutte natuertochten wol de KNSB fjouwer wedstriden organisearje fan tusken de 100 en 200 kilometer, dêr't dan in einklassemint fan opmakke wurdt.
De maratons soenen hâlden wurde moatte yn Eastenryk, Finlân, Kanada en Sweden. De KNSB wol it plan yngean litte yn 'e winter fan 2005/2006.