Plan: golfbaan yn Boarnsterhim

30 mrt 2004 - 00:00

De gemeente Boarnsterhim is benadere troch in projektûntwikkelder, dy't graach in golfbaan oan it wetter oanlizze wol. It doel is dat wettersporters sa fan 'e boat ôf de green opkuierje kinne om in baltsje te slaan. Soks soe neffens de gemeente it bêste kinne by Grou, Akkrum of Terherne.

De ried fan Boarnsterhim sil nije wike prate oer de mooglike komst fan in golfbaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)