Byb wol faker sneins iepen

30 mrt 2004 - 00:00

De iepenbiere biblioteek yn Ljouwert wol faker op sneins iepen wêze. De byb wol 26.000 euro fan de gemeente om de sneinsiepenstelling ek fan 't hjerst en winter troch te setten.

De biblioteek wie de ôfrûne moannen sneins iepen. Sa'n 1200 besikers wienen der per kear. Neffens de biblioteek jout dat oan dat der ferlet is fan de ekstra iepening. De biblioteek kin de kosten net opbringe en freget dêrom stipe fan de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)