Ferwûne by stekpartij op skoalle
By in stekpartij op skoalle De Compagnie op It Hearrenfean is tiisdeitemoarn in learling (17) fan De Jouwer swier ferwûne rekke. Hy waard delstutsen troch in oare learling (14). De dieder is oanhâlden. De stekpartij wie yn it skoft op it plein. Nei in operaasje is it slachtoffer nei it sikehûs yn Zwolle oerbrocht.
Oer de oanlieding is neat bekend. De omjouwing is ôfset. It is in skoalle foar dreech learende bern (12-18 jier).
Trefwurden:
argyf