Oerlis oer SCEN-dokter

30 mrt 2004 - 00:00

Fryske húsdokters kinne mooglik wer advys freegje oer eutanasy. Dat kin by in saneamde SCEN-dokter. Yn Fryslân binne 23 SCEN-dokters dy't húsdokters ûnôfhinkelik advys jouwe as in pasjint om libbensbeëiniging freget. Ein febrewaris leinen de SCEN-dokters it wurk del. Har ûnôfhinklikheid kaam yn gefaar. Soarchfersekerers binne hieltyd mear ree in oare oplossing te sykjen. Heal april komme de húsdokters by elkoar om te oerlizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)