'Provinsje moat Oerol stypje'

30 mrt 2004 - 00:00

De provinsje moat ekstra subsydzje jaan oan Oerol. Dat skriuwt de steatefraksje fan it CDA yn in brief oan Deputearre Steaten. It festival op Skylge hat in tekoart op de begrutting nei't in diel fan de sponsors fuortfallen is.

De organisaasje fan Oerol hat om mear stipe frege. Neffens it CDA hat Oerol in grutte útstrieling foar Fryslân en it is goed foar de ekonomy. Dêrom is hegere subsydzje ferantwurde fine de kristen-demokraten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)