Fryske help by roustoet

© Omrop Fryslân
Lâns de rûte fan de roustoet fan prinses Juliana fan Den Haach nei Delft stienen 400 militêren en 50 plysjes út Fryslân. De militêren moasten har melde by fuotbalstadion De Kuip yn Rotterdam. Dêrnei binne se mei bussen nei de rûte brocht. De lykkoets waard lutsen troch acht Fryske hynders.
De Fryske plysjes stienen mei kollega's út Grinslân by paleis Noordeinde yn Den Haach. Se foarmen dêr in earehaach en tochten fansels ek om de feilichheid.