Roustoet Juliana is oankommen

30 mrt 2004 - 00:00

By Paleis Noordeinde ha hûnderten minsken tiisdeitemoarn sjoen dat de kiste mei prinses Juliana yn de lykkoets set is. De roustoet is dêrnei op wei gien nei Delft. Neist belangstellenden stienen seistûzen militêren en trijehûndert feteranen lâns de rûte. Se foarmen in earewacht.

De stoet kaam healwei ienen yn Delft oan by de tsjerke. Doe begûn de útfearttsjinst. In oere letter waard de âld-Keninginne byset yn de grêfkelder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)