Minder ynbraken yn wenhuzen

29 mrt 2004 - 00:00

Sûnt it ynfieren fan it plysjekeurmerk Veilig wonen yn 1996 is it tal ynbraken yn Fryslân mei 35 persint weromrûn. Yn sifers betsjut dit dat der yn 1996 noch 3150 ynbraken yn 't jier wiene; yn 2003 wiene dat der noch 'mar' 1975.

Oant no ta hawwe noch mar 7.000 fan 'e 220.000 Fryske huzen it keurmerk krigen. De plysje hâldt yn 2005 op mei it keurmerk; it wurk wurdt meikoarten oerdroegen oan de gemeentes omdat it gjin kearntaak fan 'e plysje is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)