Kuolmasjine op dak stedskantoar

29 mrt 2004 - 00:00

In kuolmasjine fan 5000 kilo swier is moandeitemoarn op it dak fan it Ljouwerter stedskantoar tild. It gefaarte sil der de kommende simmer foar soargje dat de temperatuer yn it gebou net boppe de 25 graden komt. De Arbo hat de gemeente ferplichte it systeem oan te lizzen.

Der hinget in priiskaartsje fan 3 miljoen euro oan de folsleine kuolynstallaazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)