Bewegingssintrum wol útwreidzje
It saneamde 'bewegingssintrum' oan 'e Sportleane yn Drachten wol útwreidzje. It bedriuw hat by de gemeente Smellingerlân in fersyk yntsjinne foar de bou fan in tal ekstra romtes. It giet om sportsealen, kursuslokalen en 'medyske romtes'.
Neffens direksjelid Boelens fan it sportsintrum wurdt der foar rûchwei in heal miljoen euro yn it sintrum ynvestearre. De útwreiding smyt foarearst noch gjin ekstra banen op.
Trefwurden:
argyf