Oanklacht oer Jolanda Venema

29 mrt 2004 - 00:00

De âlden fan Jolanda Venema kleie in tal wurknimmers út 'e sûnenssoarch oan. It giet om in húsdokter, fjouwer spesjalisten fan sikehûs Nij Smellinghe en in ferpleechkundige fan Maartenswouden yn Drachten. De geastlik handikapte Jolanda ferstoar fiif jier lyn. Neffens har âlden krige se te swiere medisinen. Om't dêr oant no ta gjin dúdlikens oer bestiet, skeakelje de âlden it medysk tichtkolleezje yn Grins yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)