Marrekrite 'gulle gastheer'

29 mrt 2004 - 00:00

By De Marrekrite giet it roer om. It rekreaasjeskip sil de wettersporters neat mear ferbiede, mar se as gasthear benaderje. Dy sprekt de minsken oan op harren eigen ferantwurdlikens en dat moat in bettere sosjale kontrole opsmite.

De oare rol fan 'e Marrekrite betsjut ek dat de bekende blauwe buordsjes op de lisplakken feroarje. Under it logo en de namme Marrekrite komt no te stean 'uw gulle gastheer in Fryslân'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)