Agressive automobiliste oppakt

29 mrt 2004 - 00:00

Omstanners hawwe sneintemiddei in 23-jierrige automobiliste út Nijehoarne oanhâlden, omdat se agressyf ried. De plysje hat har letter meinommen nei it buro. Dêr die bliken dat de frou ûnder ynfloed wie fan de partydrug GHB. Se hie ek fiif buiskes mei de drug by har.

Omdat de frou sa no en dan ek eefkes út 'e tiid rekke, waard se oerbrocht nei it sikehûs. Har rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)