Donkere man misledige en slein

© Omrop Fryslân
Op it NS-stasjon fan Grou binne fjouwer manlju oanhâlden foar diskriminaasje en iepenlike geweldpleging. It giet om trije Jirnsumers en ien Grouster. Se hiene yn 'e trein fan It Hearrenfean nei Ljouwert in Ljouwerter fan Afrikaanske komôf misledige en diskriminearre.
Twa kondukteurs koene net foarkomme dat de man klappen krige. Ien fan de dieders is militêr en hy is oerdroegen oan 'e Keninklike Maresjaussee.