Gjin miljarden foar aksinten

28 mrt 2004 - 00:00

In berjocht op nu.nl oer kapkes en aksinten op Fryske ynternetadressen hat foar in soad argewaasje soarge. De Ried fan de Fryske Beweging soe miljarden euro's útjaan wolle om it gebrûk fan sokke tekens mooglik te meitsjen.

Dat is net it gefal. Mear aksinten wurde no mooglik nei ynternasjonaal oerlis, sadat tenei ek Dútske en Frânske wurden krekt yn URL's ferskine kinne. De Ried hat de SIDN frege om dat ek foar it Frysk mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)