Hûneswimbad iepene yn Waskemar

© Omrop Fryslân
It earste hûneswimbad fan Nederlân is sneontemiddei iepene yn Waskemar. Yn it oerdekte bad kinne hûnen mei gewrichtsproblemen of nei in heupoperaasje terapeutysk swimme. Mar ek hûnen dy't smoarch wurden binne by it útlitten, kinne in dûk nimme.
Ut merkûndersyk docht bliken dat der in doelgroep is fan 5000 hûnen yn de omkriten. In kaartsje is trouwens net goedkeap. Foar in heal oerke swimmen moat it baaske 7 euro betelje.