Arriva Snits hiert bussen yn

28 mrt 2004 - 00:00

Passazjiers fan busbedriuw Arriva yn de Súdwesthoeke moatte der de kommende dagen rekken mei hâlde dat se net altyd yn de fertroude bussen stappe kinne. Troch de fûle brân yn de busremize fan Snits sneon ha ferskate bussen fan Arriva reekskea oprûn.

Dêrtroch kinne se foarearst net ynset wurde. Arriva hopet fersteuring fan de tsjinstregeling foar te kommen troch bussen yn te hieren. Nei de oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersyk dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)