Man slim ferwûne by stekpartij

© Omrop Fryslân
By in stekpartij op it Bonifatiusplein yn Ljouwert is sneontemiddei in man ferwûne rekke. Slachtoffer en mooglike dieder makken diel út fan in groepke minsken sûnder fêst wenplak. De twa manlju krigen spul. It slachtoffer (49) waard hjirby mei in mes yn it boarst stutsen. Hy waard nei it sikehûs brocht en waard dêr gelyk opereard.
De plysje hâldde op oanwizen fan omstanners in 62-jierrige man oan as fertochte. De fertochte sit fêst.