Tony Alberda makket it ferskil

27 mrt 2004 - 00:00

Nei in sliepferwekkende earste helte kamen de Harkemase Boys sneon goed en fanatyk út de startblokken yn 'e twadde helte tsjin Putten. Nei ien minút tikke Tony Alberda de bal al tsjin de latte. De Boys moasten oant de 40ste minút wachtsje oant de 1-0 foel. Tony Alberda makke in kopgoal út in foarset fan Wouter Slotegraaf.

Twa minuten letter besliste Alberda definityf de wedstriid mei in prachtige lob: 2-0. In terjochte oerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)