Wettersportbûnen fusearje

© Omrop Fryslân
De twa grutste Nederlânske wettersportbûnen ha sneon besletten om te fusearjen. Yn Grou giene de leden fan 'e Noord Nederlandse Watersport Bond (NNWB) akkoard mei de fúzje mei it lanlike Watersportverbond.
It wichtigste argumint foar de fúzje is foar de NNWB it feit dat de bûn gjin subsydzje krije kin fan oerheid en NOCNSF. Troch de fúzje ûntstiet in feriening mei 120.000 leden. De NNWB hat 81 jier bestien.