Ynsammelaksjes foar Asja

27 mrt 2004 - 00:00

Asja, it opfanghûs foar minderjierrige prostituees yn Ljouwert, sil útwreidzje. De Ljouwerter Lions en de Ljouwerter Rotaryklub binne al dwaande om mei aksjes it nije hûs oan te klaaien en yn te rjochtsjen.

Sneon giene de Leo's, de jongerenklub fan de Lions, by ferskate saken yn Ljouwert del om de ynrjochting fan it hûs te regeljen. De Rotary hat al 15.000 euro oan sponsorjild ynhelle mei in Ljouwerter kaart- en kwartetspul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)