Akademy: ensyklopedy yn 2008

© Omrop Fryslân
De Fryske Akademy sil noch dit jier útein sette mei it meitsjen fan in Fryske ensyklopedy. Dat seit direkteur Jansma. De provinsje luts yn 1999 227.000 euro út foar it projekt. De Akademy waard frege om it projekt te lieden, mar der is noch altiten gjin begjin makke mei de ensyklopedy.
Wittenskiplik direkteur Jansma giet der fan út dat de finansiering op koarte termyn rûn komt. De ensyklopedy soe dan yn 2008 klear wêze kinne.