Hynstebeurs Drachten: soad folk

© Omrop Fryslân
De earste Horse- en Lifestylebeurs yn it eardere Hynstesintrum fan Drachten luts freedtejûn al 1500 minsken. Opset fan 'e beurs is dat der fan alles te sjen is foar hynder en ruter lykas klean, koetsen en keunst. Ek wiene der clinics fan topruters en -amazones.
De organisaasje is goed te sprekken oer de opkomst. De Horse- en Lifestylebeurs rint oant en mei snein en moat in tradysje wurde as it oan de inisjatyfnimmers leit.