Grutte brân yn busremize Snits

27 mrt 2004 - 00:00

Yn de busremize fan Noordned en Arriva achter it stasjon yn Snits hat sneontemoarn in grutte brân west. Yn de remize steane sa'n 30 bussen en dy ha reek- en roetskea oprûn.

Twa bussen binne folslein útbaarnd. Nei alle gedachten is it fjoer yn ien fan dy bussen ûntstien. De sprinklerynstallaasje foarkaam slimmere skea. Der diene har gjin persoanlike ûngemakken foar, mar de skea rint yn de tonnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)