De Batting yn Harns iepene

© Omrop Fryslân
It nije soarch- en behannelsintrum De Batting yn Harns is freed offisjeel iepene. De Batting is de opfolger fan streeksikehûs Oranjeoord. Goed 16 jier lang hat ferskate aksjegroepen besocht it sikehûs iepen te hâlden.
Neffens foarsitter Blauw fan de ried fan bestjoer fan soarchgroep Noorderbreedte hat dy striid der foar soarge dat ferskate funksjes yn Harns behâlden binne. Sa kinne der bygelyks lytse operaasjes útfierd wurde.