Kursus Liwwadders

© Omrop Fryslân
It Histoarysk Sintrum Ljouwert biedt in kursus Liwwadders oan. Yn fiif lessen komme ferskate aspekten oan de oarder lykas it ûntstean fan it Liwwadders. Der is ek omtinken foar de taalbehearsking en de kursisten komme yn de kunde mei wurk fan skriuwers dy't yn it Liwwadders publisearre ha.
Fiertaal yn lessen is Liwwadders en Frysk. Pieter Duijff, Pieter de Groot en Arjen Versloot binne de dosinten.