Kjel om oefeningen fleanbasis

© Omrop Fryslân
Bewenners fan 'e Ljouwerter wenwiken Havankpark, Bilgaard en Westeinde binne freed bot skrokken fan de oefening fan ien út koers rekke F-16 boppe harren hûs. De piloat makken boppe de stêd op lytse hichte ferskate loopings. By de fleanbasis reinde it klachten oer de aksjes fan de F-16.
Gewoanwei meie piloaten sokke oefenings net boppe de stêd dwaan. Nei alle gedachten is de piloat by syn oefening út 'e koers rekke.