Untfierder Drachten langer fêst

26 mrt 2004 - 00:00

De man (31) dy't moandei syn dochter ûntfierde, bliuwt 10 dagen langer fêst. Dat bepaalde de rjochter. De beppe (52) fan it famke dy't holp by de gizeling is frijlitten. Se bliuwt wol fertochte.

De twa hellen it famke (7) út skoalle yn Drachten en naaiden mei har út. De plysje koe se yn Drinte oanhâlde. Se wurde fertocht fan gizeling en it ûntlûken fan in minderjierrige oan it wetlik gesach. De man kin op syn heechst fyftjin jier sel krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)