Goed jier foar Friesland Bank

© Omrop Fryslân
De nettowinst fan de Friesland Bank is yn 2003 mei tsien prosint tanommen en komt dermei op hast 53 miljoen euro. Bestjoersfoarsitter Offringa is tefreden oer de sifers dy't oanlieding jouwe foar optimisme. Hy tinkt ek dit jier posityf ôf te sluten.
De groei is foar in grut part helle yn de nije kantoaren fan de bank. Ek it fersekeringsbedriuw fan de Friesland Bank die it goed. It tal klanten dat ferlet fan advys hat, nimt ta.