FNP wol foksejacht wer tastean

© Omrop Fryslân
De FNP besiket de foksejacht dochs tastien te krijen. De jacht is ferbean en dat soe ta skea fan de greidefûgels wêze, no't it briedseizoen is.
De provinsje luts lêsten it beslút yn om de foksejacht oerdei ta te stean. Dat barde nei't de rjochter de jacht nachts ferbea. Om foar te kommen dat de Faunabeskerming fia de rjochter ôftwinge wol de jacht oerdeis ek ferbean te krijen, hat de provinsje dat beslút ynlutsen.