Ein keatsklub Marsum driget

25 mrt 2004 - 00:00

As it bestjoer fan keatsklub Foarút yn Marsum net gau nije leden krijt, dan is de ein fan 'e 106 jier âlde feriening yn sicht. It bestjoer is sa ûnderbeset dat foarsitter Van Wieren fan in needsituaasje sprekt.

Sûnder nije bestjoersleden sil it bestjoer de feriening nei de simmer opdoeke. No moandei hâldt Foarút har maaitiidsgearkomste. Van Wieren hopet dat foar moandei har noch in pear kandidaten foar it bestjoer melde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)