Noch dit jier Eilanner Ried

25 mrt 2004 - 00:00

De Waadeilannen sille noch yn de rin fan dit jier ynstimme mei de komst fan in Eilanner Ried. Dizze ried, dy't út sa'n 20 leden bestean sil, wurdt dan it Algemien Bestjoer fan de eilannen. Op dy wize besykje de eilannen in sterkere fûst nei bûten ta te meitsjen.

It is noch net dúdlik wat de macht fan de nije ried wurde sil. Nei alle gedachten sil Paul Verhoeven, boargemaster fan It Amelân, de nije foarman fan de Eilanner Ried wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)