Veka-groep nimt Bijlsma oer

25 mrt 2004 - 00:00

De fallite skipswerf Bijlsma op De Lemmer wurdt definityf oernaam troch de Veka-groep út Werkendam. Veka wol op de werf kasko's fan binnenfeartskippen ôfbouwe. Foar it fallissemint waard al praat oer in mooglike gearwurking tusken de twa werven.

Nije wike wurdt al út ein set mei de wurksumheden. It earste kasko is al ûnderweis nei Fryslân. By Bijlsma Lemmer wurkje 75 minsken. Hoe folle wer oan it wurk kinne, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)