Bijlsma dûbel oer oername werf

© Omrop Fryslân
Arend Bijlsma fan skipswerf Bijlsma op De Lemmer is dûbel yn syn reaksje op de ferkeap fan it kompleks op De Lemmer. Hy seit oan de iene kant bliid te wêzen dat de werf oernaam wurdt en dêrmei behâlden bliuwt foar de skipsbou.
Dêrtroch kinne miskien noch wat âld-wurknimmers fan Bijlsma oan it wurk bliuwe. Oan de oare kant wie it fansels net de bedoeling om it bedriuw nei acht jier al wer te ferkeapjen, sa seit Bijlsma.