Promoasje Snits fia digi-brief

© Omrop Fryslân
In digitale nijsbrief dêr't minsken út de hiele wrâld yn lêze kinne wat der yn Snits allegear te belibjen is. It is in primeur yn Nederlân. Alteast, dat seit de stifting Sneek Promotion dy't it inisjatyf foar de brief nommen hat.
Yn dy stifting wurket it bedriuwslibben gear mei de gemeente en de VVV. De bedoeling is om belangstellenden op de hichte te hâlden fan wat der bart yn Snits. Ien fan de bestjoersleden is sjonger en kafeehâlder Thierry Kamminga.