Ek helikopter ynset by Wielepôle

25 mrt 2004 - 00:00

Alle yn- en útfalsdiken fan de Ljouwerter wyk Wielepôle wiene tongersdeitemoarn ôfsletten foar it sykjen nei himpkwekerijen. Bern moasten har skoaltassen iepenje om sjen te litten oft se fertocht guod de wyk útsmokkelen.

In kontrôleflucht mei in helikopter liet in ferheegde konsintraasje fan waarmteboarnen yn de wyk sjen. Bewenners rûnen moarns ferdwaasd oer strjitte yn badjassen en op toffels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)