'Mear maatregels foar skriezen'

25 mrt 2004 - 00:00

De maatregels dy't it regear nimt om de greidefûgels te beskermjen, ha te min effekt. Dat sizze ûndersikers fan de Universiteit fan Wageningen. Foaral it tal skriezen wurdt bedrige.

Twatredde fan de skriezepopulaasje briedt yn Fryslân, mar de skriezestân is tusken 1990 en 2000 weromrûn mei 40 persint. Dêrom wurdt eksperimintearre mei mozaykbehear fan lânbougrûn. Dat hâldt yn dat stikken lân fariearre beboud wurde en letter meand as oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)