Buro iepene foar mantelsoargers

25 mrt 2004 - 00:00

Mantelsoargers yn Fryslân kinne fan no ôf foar fragen of stipe terjochte by it sintrale kantoar fan CoZorg yn Ljouwert. It kantoar is woansdei iepene. CoZorg is in organisaasje dy't finansjele help biede kin, ynformaasje jout by fragen of ris soarch oernimt as de mantelsoarger fakânsje hat.

Sa'n 60.000 minsken yn Fryslân binne aktyf as mantelsoarger of frijwilliger. Se fersoargje sike famyljeleden of freonen sûnder dêr jild foar te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)