Akkoart Aldi en fakbûnen

25 mrt 2004 - 00:00

De fakbûnen en supermerkkonsern Aldi ha woansdei in akkoart berikt oer de omsetpreemje fan de filiaallieders. In part dêrfan wurdt oerhevele nei it fêste salaris. Boppedat is ôfpraat dat Aldi alle kwartalen oerlizze sil mei de fakbûnen.

Mei it prinsipe-akkoart komt der in ein oan it juridysk gefjocht oer de kontrakten fan de filiaallieders. De striid duorre al trije jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)