Betinking op tv goed besjoen

© Omrop Fryslân
Foar it spesjale televyzjeprogramma fan Omrop Fryslân oer de betinking fan prinses Juliana woansdei yn Ljouwert, wie grutte belangstelling. Mear as 100.000 minsken ha der nei sjoen, sa docht bliken út de resultaten fan it kontinu sjochûndersyk fan Buro Intomart.
De byienkomst, hâlden ta gelegenheid fan it ferstjerren fan prinses Juliana, wie live te hearren en te sjen op Omrop Fryslân tv en radio. Goed 20% fan de Friezen ha de 1e of 2e útsjoering folge.