Rûmte sûnensbûlevaar al ferhierd

25 mrt 2004 - 00:00

It giet goed met de bou fan de sûnensbûlevaar yn it Hearrenfean- stadion. De bou is pas kommende simmer klear, mar de bedriuwsrûmte fan mear as 3000 kante meter is no al ferhierd. Dat seit Hans Feenstra, bestjoersfoarsitter fan de Friesland Zorgverzekeraar.

Op de sûnensbûlevaar komme bedriuwen en ynstellingen út de sûnenssektor flak by inoar te sitten. Se hoopje op dy wize tsjinsten better op inoar ôf te stimmen en har klanten better helpe te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)