NMV: 'Ofspraken oer molkkwotum'

© Omrop Fryslân
Nederlân moat gau ôfspraken meitsje mei Dútslân en Frankryk oer it ferleegjen fan it molkkwotum. Dat skriuwt it Nederlânske Melkfeehâlders-fakbûn, NMV, oan minister Veerman fan Lânbou.
It fakbûn komt mei de oprop om't der yn Dútslân en Frankryk plannen besteane om it molkkwotum iensidich te ferleegjen. Beide lannen wolle sa it molkoanbod better ôfstimme op de fraach. Dêrtroch soe de molkepriis heger wurde. Dy priis is al tiden hiel leech.