Man út Almere (40) fermist

24 mrt 2004 - 00:00

Sûnt 29 febrewaris wurdt de út Almere ôfkomstige Jeroen Goes fermist. De ôfrûne wiken is de 40-jierrige man in oantal kearen yn it Noarden fan it lân sjoen. Hy wie ûnder oare yn Stynsgea.

De man is moandeitejûn noch sjoen yn de stêd Grins. Hy hat dêr minsken frege om 1,75 euro foar in strippekaart. Hy woe nei Drachten reizgje. De man is nochal yn de war. Hy is 1,75 m. lang, hat brún hier en griis/griene eagen. It nûmer fan de plysje yn Almere is 0800 - 6109.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)