Trainer Lodeweges nei Mid-Easten

24 mrt 2004 - 00:00

Assistint-trainer Dwight Lodeweges fan SC Heerenveen sil oan de slach by de klub Al Jazira yn de Feriene Arabyske Emiraten. De 46-jierrige Lodeweges hâldt der dêrom oan de ein fan dit seizoen mei op yn Fryslân.

Lodeweges wie noch mar sûnt de simmer fan 2003 yn tsjinst fan Heerenveen. Earder lei er oanbiedings fan Swolle en Heracles neist him del.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)