Ried Lj.diel giet wol troch
It kolleezje fan Ljouwerteradiel hat te foarbarich west mei it ôfsizzen fan de riedsgearkomste fan tongersdei. Dat fynt fraksjefoarsitter Reitze Ketellapper fan Gemeentebelangen, de grutste partij yn 'e gemeente. B en W makken bekend dat de gearkomste net trochgie fanwege de dea fan Prinses Juliana.
De gemeenteried fluite it kolleezje lykwols werom. De gearkomste giet no wol troch.
Trefwurden:
argyf