Smellingerlân moat wurk oanlûke

24 mrt 2004 - 00:00

Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân hat syn soargen útsprutsen oer de hege wurkleazens. Yn 'e gemeente sit op dit stuit goed 14 prosint fan 'e beropsbefolking sûnder wurk. It oanlûken mei bedriuwen mei in protte arbeidsplakken hat hege prioriteit, sa sei Van der Zaag juster yn 'e riedskommisje.

Foar it opkrikken fan it tal arbeidsplakken is ek in goede farferbining fan belang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)